Tekst-naar-spraak voor het Fries
Op deze pagina presenteren we de resultaten van het project Tekst-naar-spraak voor het Fries.
In de eerste fase van dit project (februari-december 2011) hebben we onze Nederlandstalige tekst-naar-spraaksoftware aangepast om ook Friese teksten te kunnen voorlezen. We hebben een Friese woordenlijst samengesteld, waarin voor ongeveer 300.000 woordvormen de uitspraak is vastgelegd. En we hebben twee Fries-sprekende stemmen opgenomen: Sjoukje en Siebren.
Een nieuwe Friese stem
In een vervolgproject (maart-augustus 2013) hebben we een nieuwe Friese stem geproduceerd, met een hogere kwaliteit.
Linze Valk, onder meer bekend van zijn voice-overs voor Omrop Fryslân, heeft voor deze stem een groot aantal teksten ingesproken, waaronder ook enkele literaire fragmenten.
Je kunt je eigen tekst laten uitspreken via de demo hieronder. Of je laat een van de teksten voorlezen die we hebben klaargezet.
De Friese stemmen kunnen ook Nederlandse teksten uitspreken. De taal wordt automatisch (en meestal correct) bepaald door onze software.
Demo
Tik je tekst (max. 250 tekens)
Teksten
Frysk leare?
De Afûk jout al mear as 80 jier kursussen Frysk.
Jo binne wend om Frysk te praten. Dat hawwe jo fan hûs út meikrigen, of jo hawwe jo de taal miskien letter eigen makke. Miskien lêze jo ek graach Fryske boeken, en wolle jo ek wolris wat yn it Frysk skriuwe. Mar, dat falt net altyd ta. Hoe wie it ek al wer? Hoe skriuwe jo dat wurd? In soad minsken kinne it Frysk net skriuwe, en dat wurdt geregeld as in gemis field. Krekt dat skriuwen hawwe moderne minsken hieltyd mear ferlet fan. Maile, sms'e, ferslaggen, stikjes foar de doarpskrante. Hast eltsenien hat der wol mei te krijen.
By de Afûk kinne jo kursussen folgje om it skriuwen te learen, en de algemiene kennis fan de taal grutter te meitsjen. Jo kinne in mûnlinge of skriftlike kursus folgje, leare fia ynternet, of in kombinaasjekursus folgje dêr't learen fia ynternet kombinearre wurdt mei in mûnlinge gearkomste ien kear yn 'e moanne.
Bron: www.afuk.nl
100 bern, kâns of katastrofe?
Freed, 19 april 2013
De Underwiisried hat de minister advisearre alle basisskoallen mei minder as 100 learlingen te sluten. Foar it basisûnderwiis yn Fryslân soe dat ûnbidige gefolgen hawwe. Fryslân hat fan âlds de measte lytse skoallen fan hiel Nederlân. Troch de krimp fan de befolking nimt it oantal learlingen ôf, benammen op in soad doarpsskoallen. Der is in oantal hiel goede lytse skoallen, mar trochinoar stiet de kwaliteit fan lytse skoallen faker ûnder druk as by grutte skoallen. Dêrneist binne se ek nochris hiel djoer.
In oantal skoalbestjoeren hat dêrom al besletten om har doarren te sluten, of der wurde lytse skoallen gearfoege. Neffens de Underwiisried moat dat allegearre folle flotter. No is de opheffingsnoarm noch 23 bern, oer fiif jier moatte op elke basisskoalle op syn minst 100 learlingen sitte, sa advisearret de Ried. Allinnich dán kin kwalitatyf goed basisûnderwiis yn plattelânsgebieten ek yn de takomst garandearre wurde. Fryslân hat no 470 basisskoallen. As de minister it advys fan de Ried opfolget, sil de helte fan de Fryske basisskoallen har doarren slute moatte.
Nel Haarsma is wethâlder Underwiis yn de gemeente It Bilt yn it noardwesten fan Fryslân. Yn har gemeente binne yn totaal alve basisskoallen. As de minimale opheffingsnoarm nei in oantal fan hûndert bern giet, sil Haarsma acht fan de alve skoallen slute moatte. En dat is net te dwaan neffens har.
Bron: www.itnijs.nl
fragmint út: Eppie Dam, Dingeman krijt wjukken
Haadstik 1
Gjin tantes wer yn it saaiste hûs fan de stêd
It saaiste hûs fan de stêd wie ús hûs. Ik wenne der tegearre mei ús mem.
Ik sil jim fertelle hoe saai at ús hûs wie.
It hie in keamer mei in kâlde flier en keale muorren. Oan de iene kant stie in kast mei boeken, mar der wie net ien dy't se lies. Oan de oare kant stie in piano, mar der wie net ien dy't derop spile. Boppe stienen fiif opmakke bêden, mar op trije waard noait sliept. Dan hienen we noch in rommelsouder sûnder rommel. En hoe grut at ús hûs ek wie, plak foar in húsdier wie der net.
Bûtendoar wie it like saai.
Achterhûs lei alles fol mei tegels. Dêr stienen ús plestiken túnmeubels: in wite tafel mei fjouwer wite stuollen. Yn 'e tafel siet in gat foar de parasol. It wie in kleurige parasol, mar hy stie al jierren ynklapt yn in hoeke fan de garaazje. Midden op 'e tafel hie ús mem in bakje mei nepblommen. Dan seach net ien it gat.
Foarhûs lei it "gason", sa't ús mem it deftich neamde. It gers wie altyd koart, want twa kear yn 'e wike kaam de túnman om it te meanen. As der al in blomke wie dat it kopke omheech-stuts, feegde hy it der wer ôf mei syn razende masine. Sa waard it gason noait in gersfjild en koe ik nergens blomkesykje of yn it lange gers lizze.
Doe't heit der noch wie, meande hy it gason. Hy helle ek mei in meske it mos tusken de tegels wei. Letter kaam de túnman. Dy fûn dat mosklauwe gjin wurk wie foar him. Dêrom sei ús mem dat ik it dwaan moast. Ik ha it twa kear dien. Doe snijde ik my sagenaamd per ûngelok yn 'e finger. Om ús mem te pesten, en omdat ik mos tusken de tegels wol gesellich fûn.
Midden troch it gason rûn in tegelpaad nei de wei. Dat paad waard ek alle jierren griener, mar dêr giet it no net om. Oan de ein fan it paad stie namelik in brievebus. It wie fansels in saaie brievebus, mar op in dei lei der in spannende brief yn. En dy wie foar my.
Bron: www.dbnl.org
Tusken talen fertelt oer de skiednis fan it Frysk: wêr't it weikomt, hoe âld at it is, dat it yn de rin fan de ieuwen aardich wat feroare is en noch feroaret, hoe't it plak yn de maatskippij net altyd itselde wie, en wat syn posysje yn de lêste ieu wurden is. It ferhaal fan dy taal stiet net op himsels, want fan it begjin fan ús jiertelling ôf hat it yn kontakt stien mei oare talen lykas it Latyn, it Frankysk, it Middelnederlânsk, it Stedsk, it Nederlânsk en de lêste tiid hieltyd mear mei it Ingelsk.
Tusken talen vertelt over de geschiedenis van het Fries: waar het vandaan komt, hoe oud het is, dat het in de loop der eeuwen behoorlijk wat is veranderd en nog steeds verandert, hoe de plek in de maatschappij niet altijd hetzelfde was en wat zijn positie in de laatste eeuw is geworden. Het verhaal van die taal staat niet op zichzelf, want vanaf het begin van onze jaartelling is het in contact gekomen met andere talen zoals het Latijns, het Frans, het Middelnederlands, het Stads, het Nederlands en de laatste tijd steeds meer met het Engels.
Bron: www.afuk.nl
Ien foar de wraak
Troch Joop Boomsma
De earste deis fan de maitiidsfakânsje wurdt, yn in Ljouwerter MAVO, it lyk fûn fan in learaar. In ûngelok? Of is der sprake fan opsetsin? De polysje siket en ûndersiket, mar kriget gjin inkeld hâldfêst. It liket der op dat de krekte tadracht yn 'e dize hingjen bliuwt. De dea fan Arnold Hagen sil in riedsel bliuwe.
Jaap Dykstra, kollega, mar benammen freon fan it slachtoffer, leit him dêr net by del. Hy hat ûndertusken sa syn fermoedens, en nimt de tried op dy't de plysje slûpe litte moast. Hy docht syn eigen ûndersyk. En wat tichter as er by de wierheid oer de grouwélige dea fan syn freon komt, wat mear gefoelens fan wraak er kriget. Gefoelens dy't er úteinlik omset yn dieden. En sadwaande komt der mear boppe wetter: it is gjin spannend spultsje dêr't er yn fersile rekke is, mar de spikerhurde wurklikheid fan de hjoeddeiske misdied.
Ien foar de wraak - de earste misdiedroman fan Joop Boomsma - is in like minsklik as spannend ferhaal. Om't it yn dizze roman net allinne giet om it wurk fan de polysje, de misdieden en de jacht op de dieders. De ferwurking troch de neibesteanden, harren reaksje op wat bard is, stiet like sintraal, en wurdt beskreaun mei in skerp each foar de psychologyske aspekten.
Bron: www.luisterrijk.nl
De Presidintes
In keukentafelkomeedzje mei in grimmitich rantsje
Yn de wenkeuken fan in trochsnee hûs, yn in trochsnee doarp, sitte trije trochsnee froulju by mekoar. Se prate oer it libben, oer harren noeden en soargen, en oer eangst en lilkens. It gelok wurdt harren net sa mar gund. Erna libbet fan de AOW, en hat soargen oer har soan, en it neiteam dat mar net komme wol. Greta hat lykwols in pensjoentsje, mar kin it net goed fine sûnt har dochter út har libben fuortrûn is. En Marytsje... ach, sy is tefreden mei har wurk as toiletjuffer. As it húske ferstoppe is, dan libbet se op, en pakt se de boel mei beide hannen oan.
Erna en Greta dreame lûdop. Yn harren fantasy meitsje se it libben nijsgjirriger en moaier. Se dreame fan in wrâld dêr't sy as presidintes fan in sprankeljend libben, mei genôch bier en woarst, elkenien oan harren fuotten lizzen ha.
De trije froulju rattelje en rabje, en hawwe spul oer hoe't it libben wêze kin. Se laitsje en fantasearje frijút: brutaal, wreed, hilarysk en grinsleas. Want harren langstme nei werkenning en weardichheid is grut. Oant Marytsje te fier giet...
De Presidintes is in keukentafelkomeedzje oer it libben sels. It is in ferhaal oer teloarstelling, ûnmacht en lilkens. Mar ek oer langstme en freonskip. En benammen oer de enoarme krêft fan de fantasy. In moderne klassiker, dy't al 20 jier yn hiel Europa spile wurdt.
De Eastenrykse skriuwer Werner Schwab skreau De Presidintes yn 1990, doe't er 32 jier âld wie. Hy libbe op himsels op in pleats. Al yn 1994 stoar hy. De omstannichheden fan syn dea binne noait oan it ljocht kommen.
Bron: www.tryater.nl
© 2013 Fluency, Amsterdam. Alle rechten voorbehouden
Verantwoording
Het project Tekst-naar-spraak voor het Fries is door Fluency uitgevoerd i.s.m. Readspeaker, Afûk en de Fryske Akademy, met subsidie van de Provincie Fryslân.
Fluency TTS
De Friese stemmen zijn als extra optie beschikbaar in Fluency TTS.
Readspeaker
Friestalige websites kunnen met de stem van Linze worden voorgelezen.
Zie voor meer info de website van Readspeaker.
Frysk lústerboek
We hebben een gratis luisterboek gemaakt van Eppie Dam's Dingeman krijt wjukken.